Ierdbeving yn Appelskea

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Appelskea hawwe sneintejûn in ierdbeving field. De ierdbeving hie de sterkte fan 2,3 op de skaal fan Richter. Seismolooch Dost fan it KNMI yn De Bildt jout oan dat dat in aardige skok opleveret, mar dat der yn it ferline wolris gruttere bevingen west hawwe.
It episintrum fan de beving lei tusken Appelskea en Smilde yn. Dost wiist it ierdgasfjild dat dêr leit as oarsaak oan.