Ljouwerter buert fertutearzet

16 jun 2003 - 00:00

Ljouwert moat probleemwenten by Het Vliet oankeapje om it ferfal fan de buert tsjin te gean. Dat sei keamerlid Tichelaar (PvdA) moandei by syn besite oan de buert.

De fjouwer buerten om Het Vliet hinne takelje yn heech tempo ôf. Ien fan de oarsaken dêrfan is dat goedkeape keapwenten foaral yn besit binne fan húskemelkers. Dy litte faak studinten en oare minsken yn de huzen wenje dy't sels neat dogge oan de leefberens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)