Ien dei staking by Enna Aerosols

16 jun 2003 - 00:00

It personeel fan spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum hat moandei in iendeisstaking holden. Dat barde nei oerlis tusken bûnen en it personeel yn de IJsherberg yn Dokkum.

Oare aksjes binne útsteld oant 3 july. Dan docht de Undernimmingskeamer útspraak oer it skeel tusken de direksje en it personeel fan Enna Aerosols. De direksje wol 15 man ûntslaan. De bûnen sette yn op 2,5 prosint leansferheging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)