Warkumer tegelmakker slút winkel

© Omrop Fryslân
Tegelmakker Harry Koch fan Warkum slút takom wike syn winkel. De folsleine foarried wurdt kommende sneon feild troch feilinghûs Postma fan Warkum. Koch learde it fak by Tichelaar yn Makkum. Dêrnei hat er hast tritich jier syn eigen bedriuw hân.
Koch hâldt wol syn atelier neist de winkel yn de Begine. Dêr leit er him ta op wat er it aardichst fynt: it meitsjen fan tegels. Tachtich prosint fan syn wurk makket er yn opdracht.