Kameleonfilm 2 kear yn premjêre

© Omrop Fryslân
De film 'De schippers van de Kameleon' belibbe sneintejûn syn Fryske Premjêre yn de Cinemabioskoop yn Ljouwert. Nei de lanlike premjêre moarns yn de Pathébioskoop yn Amsterdam, kamen de akteurs fan de film nei Fryslân om mei allegear noege gasten nochris nei de film te sjen.
De haadrol wie foar de twilling Koen en Jos van der Donk yn de rol fan Hielke en Sietse Klinkhamer. De film draait fan 25 juny ôf yn 118 bioskopen.