Terpstra en dy winne keatsen

15 jun 2003 - 00:00

It partoer Terpstra, Groenendijk en Van Beem hat snein it haadklasse keatsen yn Sint Jabik wûn. Yn de finale wiene Terpstra en dy te sterk foar Berkepas, Iseger en Van der Woud. Dy kamen der net echt oan te pas: 5-1, 6-2.

De partij wie de twadde yn de Boppeslach-rige, de 'grand slams' fan it keatsen. Opmerklik wie de útskeakeling fan Van der Meer en dy. Yn de earste omloop stiene se 5-0, 4-0 foar, mar fleagen der dochs út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)