Súkses foar turnster Linders

15 jun 2003 - 00:00

Loes Linders hat op it NK turnen tige súksesfol west. Linders, lid fan WIK-FTC fan Hearrenfean, helle sneon it earste plak op de mearkamp. Se helle 35,688 punten.

Snein wie Linders ek op dreef op de tastelfinales. Se waard earste op balke, sprong en flier, en twadde op de brêge. Troch har resultaten is Linders no opnommen yn de seleksje foar it wrâldkampioenskip yn Amearika.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)