Utstalling oer fluitskepen

© Omrop Fryslân
Yn it Hidde Nijland Museum yn Hylpen is fan dizze wike ôf in útstalling oer fluitskepen. De útstalling duorret oant 1 novimber.
It fluitskip wie it wichtichste keapfaardijskip yn de 17e en 18e ieu yn Europa en sadwaande fan grutte betsjutting foar de bloei fan Hylpen. Om 1700 hinne wie Hylpen tige belutsen by de houthannel op Noarwegen en de Baltyske Steaten.