Programma filteret jargon

15 jun 2003 - 00:00

It jout in soad argewaasje by taalleafhawwers: Ingelske termen, faak brûkt yn sakejargon. Ek yn it lân dêr't sokke taal weikomt, libbet dy ergernis.

It Amerikaanske advysburo Deloitte hat no in kompjûterprogramma makke dat sok sakejargon — bandwidth, touchbase, incentivize — út dokuminten hellet. Sa kinne bedriuwen de lêsberens fan har stikken fergrutsje. Deloitte biedt it program, 'our online conscience', fergees oan op syn webside.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)