Bakker wint Alvestêdetocht

15 jun 2003 - 00:00

Ron Bakker hat de Alvestêde-ultraloop dit jier op syn namme skreaun. Fiif minsken wiene freed begûn oan de hurdrintocht fan 210 kilometer.

Foar de santjinde kear wie sneon ek de estafetteloop by de stêden lâns. De winnende ploech kaam út Roosendaal en hie in tiid fan goed tolve oeren. Lionitas wie mei it tredde plak de bêste Fryske ploech. Op it sande plak einigen de Lionitas Leeuwinnen: in ploech mei allinnich mar froulju.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)