Alle Oerol-artysten op catwalk

© Omrop Fryslân
It publyk hat freedtejûn yn in goed oere tiid sawat alles wat der op Oerol te sjen wêze sil, foarby kommen sjoen. Op in catwalk koene alle artysten har yn rap tempo presintearje. Vara-kopstik Jack Spijkerman iepene, mei help fan de Australyske Snuff Puppets, it festival.
Jack Spijkerman hat op ien kear nei, alle Oerol-edysjes meimakke. Hy fynt it bespotlik dat der net mear jild beskikber is foar in festival as Oerol.