Havenkonsert yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Fjouwer brassbands út Fryslân en Bigband Fryslân hâlden freedtejûn in havenkonsert op it wetter oan de Willemskade yn Ljouwert. Fan fiif pontons ôf litten de bands klassike muzykstikken fan Händel hearre.
It konsert waard op 'e kant folge troch in pear tûzen minsken. It wie in inisjatyf fan de Friesland Bank. De bank bestiet 90 jier en fiert ek de iepening fan har ferboude haadkantoar yn Ljouwert.