Soad skea by brân Koatstertille

14 jun 2003 - 00:00

In grutte brân by autobedriuw Waaksma yn Koatstertille hat sneontemoarn foar in soad skea soarge. De brânwacht hie de brân ridlik gau ûnder kontrôle, mar koe net foarkomme dat de loads fan 'e garaazje en de snackbar njonken de garaazje folslein ferlern gongen. Twa wenhuzen rûnen foarse skea op.

Wat de oarsaak fan 'e brân west hat is noch net bekend. De skea rint neffens brânwachtkommandant Van de Veen yn 'e tonnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)