Buma en dy winne yn St. Jabik

© Omrop Fryslân
Gejanna Buma, Riska Hazenberg en Hessie Westra wûnen freedtejûn de útnoegingspartij yn Sint Jabik. Yn 'e finale wiene sy fierstente sterk foar it trio Geeske Hibma, Tineke Algra en Leonie Zeinstra: it waard 5-1 en 6-4.
De lytse preemje wie foar it partoer Marie Heida, Deborah Oosterman en Romy van der Veen. Foar Riska Hazenberg wie it de earste kear dit seizoen dat sy mei de earste priis nei hûs ta gie.