Fúzje fan LTO's?

© Omrop Fryslân
Der komt frijwol wis in fúzje tusken trije boere-organisaasjes. It giet om de NLTO yn Noard-Nederlân, de GLTO yn Gelderlân en de WLTO yn Noard en Sud-Hollan.
In stjoergroep fan de trije organisaasjes hat de ofrûne moannen ûndersyk dien nei de mooglijkheden foar in fúzje. De reorganisaasje is net foar te kommen as de organisaasjes boeren ek yn de takomst goed helpe wolle, want it tal boeren nimt alle jierren ôf.