Poiesz wer bêste supermerk

13 jun 2003 - 00:00

De Fryske supermerk-keten Poiesz is de bêste fan Nederlân. Dat fynt it fakblêd Foodmagazine. It blêd hat in wiidweidich ûndersyk hâlden ûnder klanten fan supermerken.

Poiesz skoart benammen goed op de ûnderdielen farsk, oanbiedings en de klantfreonlikens fan de meiwurkers. Poiesz wie ferline simmer ek al de bêste supermerkformule, mar sakke letter nei it twadde plak. It bedriuw hat 35 filialen en 2250 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)