Intsjen by tongblier makliker

13 jun 2003 - 00:00

Fee dat tsjin tongblier faksinearre is, hoecht by in tongblierútbraak net romme te wurden. Dat hawwe de Europeeske ministers fan lânbou besluten. Ek it fleis fan sokke bisten mei op beheinde skaal ferkocht wurde. By de tongblier- útbraak fan 2001 moasten tsientûzenen sûne bisten ôfmakke wurde.

Minister Veerman fan Lânbou sjocht de maatregel as in earste stap nei previntyf intsjen. De ôfspraak jildt allinnich foar tongblier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)