Enna Aerosols staakt takom wike

© Omrop Fryslân
Der wurdt takom wike staakt by it spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum. De staking giet moandei om 6.00 oere yn en sil yn alle gefallen 24 oeren duorje. Dat hat CNV Chemie en energie besluten.
It ultimatum dat it fakbûn steld hie, rûn freed om 13.00 oere ôf. De direksje hat yn dy tiid gjin inisjativen nommen om mei de bûnen yn gesprek te gean. It skeel draait om de nije cao, wêryn der adv-dagen ynlevere wurde moatte soene.