Dief krijt spyt: jild werom

13 jun 2003 - 00:00

Skuonwinkel Scapino yn Drachten krige fan 'e wike in opmerklike brief mei fyftich euro deryn. De brief is fan in dief dy't spyt krigen hie fan in stellerij fan fyftjin jier lyn. As kompinsaasje wie der 50 euro by de brief dien.

Ut it hânskrift is op te meitsjen dat de dief nei alle gedachten in frou is. Wat se krekt stellen hat, is net mear te achterheljen. De ekskuses binne yntusken akseptearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)