Provinsjes: needfûns foar NNBT

© Omrop Fryslân
De trije noardlike provinsjes hawwe in needfûns oprjochte foar toeristen en ûndernimmers dy't dupearre binne troch it fallisemint fan it NNBT. Yn it fûns is 150.000 euro stoart.
It fallisemint fan it NNBT hie grutte gefolgen foar de boekingssintrale. It jild dat minsken foar har fakânsje dêroan betelle hawwe, wiene se kwyt. De provinsjes woene dêr earst net garant foar stean, mar hawwe no dus jild beskikber steld foar skeafergoeding.