Te min wyn: mûne ferpleatst

13 jun 2003 - 00:00

De âlde Polsleatmûne by Akkrum waard freed útinoar helle en ferpleatst nei It Deel. Yn april is al begûn mei de tariedings foar de ferhuzing. Sa leit der op it nije plak fan de mûne al in fundamint. De mûne wurdt op de nije lokaasje earst folslein restaurearre, dêrnei wurdt er wer yninoar set.

De Polsleatmûne moat ferpleatst wurde om't der op de hjoeddeistige lokaasje hast gjin wyn mear is troch de omlizzende bedriuwsgebouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)