Besunigingen meteo fleanbasis
By definsje wurdt flink besunige de lêste tiid. Ek de fleanbasis yn Ljouwert hat dêrmei te krijen. Der is snijd yn de meteotsjinst. Dat wylst de piloaten foar de waargegevens ôfhinklik binne fan de minsken fan dizze tsjinst.
De lêste fiif jier hat de meteotsjinst yn Ljouwert flink te lijen hân fan de besunigingen. De Ljouwerter fleanbasis is no ôfhinklik fan de basis yn Woensdrecht as it om waarfoarsizzingen op langere termyn giet.