Wagenborg keapet De Oerd net

12 jun 2003 - 00:00

Wagenborg hat Bijlsma wite litten ôf te sjen fan oankeap fan fearboat De Oerd. Nei wiken fan ûnderhanneljen tusken de fallite werf en de ferfierder, binne de partijen der net út. Wagenborg wol minder betelje foar De Oerd as earst ôfpraat wie.

Ien fan de redenen dêrfoar is dat it skip no letter ôflevere wurdt as ôfpraat. Kurator Cnossen wol no by de rjochter easkje dat Wagenborg de ôfspraken dochs neikomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)