Koart pleit gemeentehûs Skier

12 jun 2003 - 00:00

De gemeente Skiermûntseach en de plysje op it eilân moatte opnij mei inoar om 'e tafel. Der soe in grutter en ferboud gemeentehûs mei plysjeburo komme, mar de gemeente seach fan dy plannen ôf om't it te djoer wêze soe.

De plysje wol dat de plannen wol trochgeane en woe dat fia in koart pleit yn Ljouwert ôftwinge. Beide partijen ha no fan de rjochter oant 1 septimber de tiid krigen om ta in oplossing te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)