Minder bussen nei Grins

12 jun 2003 - 00:00

Besunigings fan de provinsje Grinslân hawwe gefolgen foar bus 89 fan Drachten oer Oerterp en Mearum nei Grins Stêd. Sa kinne Siegerswâldsters jûns en sneins net mear mei de bus yn Drachten komme.

Ynwenners fan Oerterp moatte om yn Grins te kommen earst mei bus 16 nei Drachten, dy't faker ride sil. De reis nei Grins duorret wol langer fanwege it oerstappen yn Drachten. De feroarings gean oankom snein al yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)