Weening tsiende yn Eastenryk

12 jun 2003 - 00:00

Yn 'e tredde etappe fan 'e Ronde fan Eastenryk is Pieter Weening fan De Harkema woansdei 10de wurden. De oerwinning yn dizze 'keninginnerit' gie nei de Eastenriker Gerrit Glomser. Pieter hie in achterstân fan 1 minút en 51 tellen. De einstreek lei nei 158 kilometer op de Kitzbühler Horn op 1800 meter.

Gerrit Glomser hat ek de liederstrui yn it algemien klassemint. Weening is tsiende op 2 minuten en 11 tellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)