Ryk stiet ek achter Esonstêd

12 jun 2003 - 00:00

It ministearje fan Lânbou, Natuerbehear en Fiskerij hat de gemeente Dongeradiel in fergunning ferliend foar it projekt Esonstad. Dat bestiet út de bou fan 250 rekreaasjewenten by De Skâns (Eastmahorn).

Earder hie de provinsje al in posityf advys jûn oer de bou. De provinsje fynt dat Esonstad de natuer net fersteurt. Boppedat slút it oan by de besteande bebouwing. It ministearje kin him dêryn fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)