Stikkene brêge set farrûte ticht

11 jun 2003 - 00:00

In stikken brechje soarget der op dit stuit foar dat in grut stik fan de farrûte Boalsert-Harns net brûkt wurde kin. De mear as 80 jier âlde fytsersbrêge sit sûnt fjirtjin dagen muorrefêst.

Yn de farrûte Boalsert-Harns is de lêste jierren miljoenen ynvestearre om boatsjeminsken nei noardwest-Fryslân te lûken. Jild om de Sint Josephbrêge op koarte termyn te meitsjen hat de gemeente Boalsert lykwols net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)