Swurd Grutte Pier nei Dútslân

11 jun 2003 - 00:00

Yn de hal fan it Frysk Museum yn Ljouwert sil tydlik in replika te sjen wêze fan it Swurd fan Grutte Pier. It nimt it plak yn fan it orizjineel dat útliend is oan Dútslân. Dêr sil it oant ein septimber te sjen wêze yn de grutte histoaryske útstalling 'Friesische Freiheit' yn Emden en Aurich.

De kopy fan it swurd is makke troch Koster út Burgum. Yn grutte en gewicht binne de twa swurden identyk. Der sit mear as 200 oeren wurk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)