FVC wol nei Goutum te spyljen

11 jun 2003 - 00:00

Fuotbalklub FVC út Ljouwert wol nei Goutum ferhúzje. De amateurs ha der al mei wethâlder Hafkamp oer praat. FVC spilet no by yndustryterrein De Hemrik, mar wol fuort om't it plak min is foar it krijen fan nije leden.

De gemeente is posityf oer it fersyk fan FVC. Earder hie Ljouwert al mei Blauw Wit '34 oerienstemming berikt oer ferhuzing nei de nije sportfjilden by Goutum. It âlde FVC-terrein soe brûkt wurde kinne as bedriuweterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)