Plakken karavans rinne gefaar

11 jun 2003 - 00:00

De 60 eigners fan in karavan op camping Schuttersbos yn Midslân op Skylge driigje har plak ferlitte te moatten. De campingeigner wol de karavans ferfange troch 31 lúkse bugalows.

Foar de eigners fan de karavans is dat in grutte klap. In pear jier ferlyn waard noch sein dat der de earste jierren gjin feroarings komme soene. Dat wie in betingst wêrop't in soad fêste campinggasten, ferplichte, in nije karavan kochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)