Kameleon fan De Jong yn premjêre

11 jun 2003 - 00:00

De film De schippers van de Kameleon giet 15 juny yn premjêre yn Amsterdam. Steven de Jong hat de aventueren fan Hielke en Sietse Klinkhamer ferfilme. Nei it feest yn de haadstêd fan Nederlân begjint de Kameleontoer by ferskate stêden del. Se komme net yn Fryslân. De film is fan 25 juny ôf te sjen yn 115 bioskopen.

Fryske studinten yn Grins makken earder in Fryske Kameleonfilm as protest tsjin dizze Nederlânsktalige film.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)