Soad hjerringen yn Noardsee

11 jun 2003 - 00:00

Yn de Noardsee binne dit jier mear as twa miljoen ton hjerringen. Dat is it heechste nivo sûnt de sechtiger jierren. It gruttere tal hjerringen komt troch de fangstbeheiningen dy't sûnt de njoggentiger jierren jilde.

No mei der fjouwer ton hjerring fiske wurde. Neffens biologen dy't de fiskstân ûndersocht ha, kin dat takom jier omheech nei fiif ton. De ministers fan Europa beslute ein dit jier wat de kwota takom jier wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)