Mear soarch foar Kollumers

© Omrop Fryslân
Kollum krijt in soad fasiliteiten foar sûnenssoarch en tsjinstferliening. De gemeente, soarchgroep Noorderbreedte en twa wenningbouferieningen nimme dêr it inisjatyf ta.
Neist de húsdokter, opfang foar bern en âlderen moat it ek mooglik wurde om yn Kollum ferpleegd te wurden. No moatte de Kollumers nei Dokkum of Drachten. De provinsje stipet it plan mei 100.000 euro. Nei de simmer komt dúdlikheid oer de realisaasje fan it projekt.