Hurdere oanpak swartriders

10 jun 2003 - 00:00

De NS en Noordned sille notoire swartriders tenei hurd oanpakke en sels foar de rjochter slepe. De twa treinmaatskippijen ha skjin har nocht fan de oerlêst fan swartriders.

Se ha no in list opsteld mei de grutste oertreders, dy't noch ien kâns krije om har libben te betterjen. Oars folget de rjochter. It is in proefprojekt. As it goed wurket, sil der yn hiel Nederlân sa optreden wurde tsjin swartriders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)