Fryslân hat measte melkkij

© Omrop Fryslân
Fryslân hat Gelderlân ynhelle as provinsje mei de measte melkkij. Dat docht bliken út sifers fan it Sintraal Buro foar Statistyk. Der wiene hjir ferline jier goed 266.000 kij, yn Gelderlân sawat 234.000.
Mei inoar binne der yn Nederlân oerdel miljoen kij. Dat tal wurdt alle jierren lytser. De bisten wurde hieltyd produktiver, dus boeren ha minder kij nedich. Allinnich Fryslân lit in oar byld sjen. Dêr binne just kij bykaam.