SP boycot gearkomste

10 jun 2003 - 00:00

De riedsfraksje fan de Soasjalistyske Partij yn Ljouwert boycot de gearkomste fan de kommisje wolwêzen yn de haadstêd. Dêrmei protestearret de partij tsjin de te koarte tariedingstiid.

De stikken foar de gearkomste, wêrby't de ID-banen op de wurklist steane, wiene pas ein ferline wike beskikber. Neffens de SP bart it hieltyd faker dat der flak foar de simmerfakânsje ekstra gearkomsten ynlaske wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)