Schakel ferlit Allingastate

© Omrop Fryslân
De nij boude stins Allinga-state yn Allingawier wurdt op 'e nij ferkocht. In freon fan bewenner Yde Schakel, dy't it bûten fan him kocht hie, hat it gebou op 'e nij te keap set. Schakel fynt it spitich, mar hat him der by dellein dat hy it gebou op koarte termyn ferlitte moat.
Yde Schakel is fan doel om ek de ynboel fan it hûs te ferkeapjen. Hy is fan doel om hjir in spesjale simmerfeiling foar te organisearjen.