Identiteit deade man bekend
De man dy't de moarn fan Pinkstersnein dea fûn waard oan 'e Learewei by Jirnsum is in 39-jierrige ynwenner fan Raerd (Boarnsterhim). De man, dy't oan it joggen wie, is neffens de plysje in natuerlike dea stoarn.
Pas oan de ein fan 'e middei wie bekend wat de identiteit fan de man wie. Syn famylje tocht dat er oan it skûljen wie fanwege it needwaar.