Temanûmer oer Albertina Soepboer

© Omrop Fryslân
Ynternettydkrift Farsk komt mei in temanûmer oer dichteres Albertina Soepboer út Grins. Se is hikke en tein yn Holwert. Oanlieding is har optreden op Poetry International 2003 en it ferskinen fan in Nederlânsktalige oersetting fan har lêste twa bondels.
Yn it nûmer is ûnder oaren in deiboek te lêzen dat Soepboer byhâlden hat fan in optreden yn Eastenryk. Farsk is te lêzen op www.farsk.nl of yn printe foarm yn guon boekhannels.