'Bedriuwen moatte mear lobbye'

© Omrop Fryslân
It Fryske bedriuwslibben kin folle mear gebrûk meitsje fan stipe yn 'e foarm fan Kompasjild. It binne benammen gemeenten dy't it jild oanfreegje foar projekten lykas it akwadukt by Snits. Dat seit Henk Postma, de nije lobbyist foar it noarden yn Den Haach.
It Samenwerkingsverband Noord-Nederland is de gesprekspartner fan it regear wat de romtlik-ekonomyske ûntjouwingen yn it Noarden oanbelanget. Postma is fan doel mear te lobbyen.