Nije trainer by Cambuur

10 jun 2003 - 00:00

Cambuur giet it nije seizoen yn mei in nije trainer. It bestjoer fan 'e Ljouwerter fuotbalclub hat mei Dick de Boer oerienstimming berikt oer de funksje fan haadtrainer. Boppedat sil De Boer de einferantwurdlikens hawwe oer de jeugdoplieding fan Cambuur.

De Boer siet al by de club, mar dan as helptrainer. Hy folget Rob McDonald op, dy't nei in jier by Cambuur dien krige hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)