Minnertsgea wint Bûnspartij

© Omrop Fryslân
It partuer fan Minnertsgea hat Pinkstermoandei de Bûnspartij yn Frjentsjer wûn. Oan dit 'NK foar ôfdielingen' diene mar leafst 82 partueren mei. Klaas Anne Terpstra, Cornelis Terpstra en Chris Wassenaar wûnen yn in spannende finale fan Grins mei ûnder oare keats-crack Sake Porte.
Cornelis Terpstra behelle hjirmei in Klaverke Fjouwer. Dat bestjut winst by de Freule, PC, Jong Nederlân en de Bûnspartij.