Ljouwerter mei drugs oppakt

09 jun 2003 - 00:00

In Ljouwerter (25) is sneontenacht yn de haadstêd oanhâlden. Hy hie in plastik pûdsje mei 29 boltsjes drugs by him. Doe't de man in hoarekasaak oan de Nijstêd yn woe, waard er frege oft er fûlleard wurde mocht. By it oerjaan fan syn tagongskaart foel it pûdsje mei de drugs op de grûn.

Meiwurkers fan de hoarekagelegenheid ha de man oanhâlden en oerdroegen oan de plysje. Dy ha de man meinommen en op it buro ynsletten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)