Miriam Makeba wer yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De ferneamde Súd-Afrikaanske sjongeres Miriam Makeba komt nei Ljouwert foar in optreden op 5 novimber. 'De stim fan Afrika' is net rynsk mei konserten. Njonken Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert docht La Makeba inkeld it Konsertgebou yn Amsterdam oan.
Yn 1998 wie de Súd-Afrikaanske ek al yn Ljouwert. Se liet doe mei har sjongen 'in ferpletterjende yndruk achter' neffens Stichting Het Podium, dy't har no wer nei Ljouwert ta hellet.