Caravan achter auto weiblaasd

08 jun 2003 - 00:00

Op 'e Lemmer is snein in caravan troch de hurde wyn fan 'e dyk blaasd. Dat barde oan 'e Suderseewei. De autobestjoerder koe troch de spielende rein net folle mear sjen en fernaam dat de caravan losrekke fan 'e auto. De wenwein kaam 40 meter fierderop ta stilstân en rekke folslein fernield.

In ûntwoartele beam soarge foar oerlêst yn Wolvegea. De brânwacht moast de beam yn stikken seagje om it paad wer frij te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)