OZ Wielerweekend yn Seelân

08 jun 2003 - 00:00

Nei de earste dei fan it 'OZ Wielerweekend' yn Seelân stiet Germ van der Burg fan Folsgeare op it tredde plak. Rick Flens is de lieder, Maarten Lenferink nûmer twa. Yn de earste etappe waard Germ van der Burg sande. Hy siet yn in kopgroep fan trettjin.

De tiidrit oer 9 kilometer dêrnei waard wûn troch Eelke van der Wal fan Holwert. Hy ried as iennige boppe de 50 kilometer yn 'e oere. Snein is de lêste etappe Breskens-Breskens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)