Teuben wint Ronde fan Westerein
Tonny Teuben fan De Knipe wûn sneontejûn de 52ste Ronde fan De Westerein. Teuben wie yn de einsprint nei 100 kilometer de rapste fan in kopgroep fan fiif man.
Jos Pronk fan Warmenhuizen waard twadde en Tim Hiemstra fan Drachten tredde. Fierders wie der noch in fjirde plak foar Bart Beima fan Hurdegaryp. Teake Oppewal fan It Hearrenfean einige op it fyfde plak.