Jong Nederlânpriis foar Berltsum

08 jun 2003 - 00:00

De junioaren fan Berltsum binne sneon yn Frjentsjer winner wurden fan 'e Jong-Nederlânpartij. Hylke Gosse Drijfhout, Bauke van der Graaf en Marten Feenstra wiene yn 'e finale sterker as Minnertsgea, mei Geert Andringa, Wouter Jan de Roos en Cornelis Terpstra. Yn 2002 wûn Minnertsgea noch de earste priis.

De tredde priis wie foar Sint Jabik. Yn 'e heale finale ferlearen se mei 5-0 en 6-6 fan de lettere priiswinners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)