Bern nacht sûnder dak yn Achlum

07 jun 2003 - 00:00

Bern yn Achlum ha fan freed op sneon bûten sliept. Doel fan de dakleaze nacht wie te fielen hoe't it is om op strjitte te libjen lykas strjitbern yn Brazilië. De bern hienen 'hutten' boud fan plastic en guod dat se yn it Achlumerbosk fûn hienen.

Mei de aksje ha de bern jild ynsammele foar har leeftydgenoaten yn Brazilië. Mei sponsors en it dwaan fan putsjes is mei elkoar 1425 euro ynsammele. Dat jild is foar opfang, iten en ûnderwiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)